Hoogvorst tred by maratonswimmen

© Omrop Fryslân
Annemerle Hoogvorst fan Bakkefean is sneon tredde wurden by it Nederlânsk kampioenskip maratonswimmen. Sy lei it trajekt Starum-Medemblik yn fiif oeren en 19 minuten ôf. It wie foar it earst dat se meidie.
Mei elkoar ha tsien swimmers de Iselmar oerswom. De fluchste die dat yn fjouwer oeren en 49 minuten. De dielnimmers begongen sneontemoarn om njoggen oere oan de 22 kilometer swimme.