Oanriding by Appelskea

12 aug 2006 - 17:58

In 19-jierrige autobestjoerder út Elsloo is sneontemoarn ferwûne rekke by in oanriding by Appelskea. De jonge ried op de N381 in krusing op. In autobestjoerder út Dútslân koe him net mear ûntwike en in oanriding wie it gefolch.

De jonge út Elsloo hie ferskate ferwûnings en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Syn beide passazjiers en de Dútser kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)