Jonge riidt ûnder ynfloed
De plysje hat sneontemoarn betiid in 19-jierrige Ljouwerter oanholden yn syn wenplak. De autobestjoerder ried slingerjend oer de Henri Dunantwei. De plysje sette him oan de kant.
De jonge sei dat er drank en drugs brûkt hie. Hy hie ûnder oare speed by him. Op it buro moast er blaze en waard in bloedproef ôfnommen. Om't de jonge yndie te folle dronken hie, hat er in boete krigen.