Kreakers De Hemrik fuort

© Omrop Fryslân
De kreakers dy't harren stakaravan yllegaal op it wenweinkamp yn Hemrik delset hiene, binne op lêst fan de rjochter fuortgien. Korporaasjeholding Fryslân hie de saak oanspand om't dy it kamp opknappe wol. Lege plakken meie dêrom net opfold wurde.
Boppedat soene de kreakers foar oerlêst soargje. De rjochter bepaalde dat de kreakers binnen in wike fuortmoasten, se binne yntusken al fuortgien.