Untslach foar boargemaster Lont

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan de Noardhollânske gemeente Wieringen easket it ûntslach fan boargemaster Lont fan Sint Jabik. Dat is tongersdei dúdlik wurden. Neffens wurdfierder Scholten fan de ried giet it net allinnich om in skeel tusken Lont en de gemeentesekretaris. Ek soe de boargemaster net boppe de partijen stean.
Lont sels is it net iens mei de krityk en sil har ûntslach oanfjochtsje.