Broekster Boys lulk op Feyenoord

12 aug 2006 - 11:23
Foto: Omrop Fryslân

It bestjoer fan fuotbalferiening Broekster Boys oerwaget juridyske stappen tsjin Feyenoord. De Boys hiene ôfpraat dat se op 25 augustus foar it ôfsluten fan it jubileum in wedstryd spylje soene tsjin âld-Feyenoord.

Mar de Rotterdammers fine dat se gjin represintatyf alvetal op poaten sette kinne en ha de wedstryd ôfsein. Dit ta teloarstelling fan de Broekster Boys. Dy hiene al in soad kosten makke foar it festijn. Dat jild wolle se no werom.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)