Flyers yn earedivyzje

11 aug 2006 - 16:08
Foto: Omrop Fryslân

Iishockeyclub Vadeko Flyers fan it Hearrenfean spilet definityf wer mei yn de earedivyzje. Vadeko Flyers luts him earder werom út de heechste divyzje. Neffens it bestjoer wie der gjin sprake fan in sûne beoefening fan de sport. Sa bestiet de earedivyzje mar út seis clubs.

Vadeko Flyers sil no dochs wer op it heechste nivo meidwaan om't der nije ôfspraken makke binne oer it belied foar de kommende jierren.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)