Perrons net op'e tiid oanpast

© Omrop Fryslân
De Fryske treinperrons binne nei alle gedachten net op'e tiid klear foar de nije treinen fan ferfiersbedriuw Arriva. Op guon treinstasjons binne de perrons te heech of te leech. Spoarbehearder ProRail wit dêrfan, mar it wurk oan de perrons moat noch oanbestege wurde.
Oan de ein fan dit jier sil Arriva de nije treinen ynsette. Mar it is de fraach oft alle perrons dan al oanpast binne.