Frou mishannele yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 41-jierrige Ljouwerter hat tongersdei sûnder oanlieding in frou mishannele dy't har ruten oan it himmeljen wie. De fertochte bedrige har yn de Willem Pijperstrjitte yn Ljouwert.
De man bedrige de 26-jierrige frou ferbaal en luts har fan 'e trep. Doe't de plysje kaam, fersette de man him bot tsjin syn oanhâlding. Hy is oerbrocht nei it plysjeburo.