Beima sande yn Ronde van Namen

11 aug 2006 - 13:01
Foto: Omrop Fryslân

Marcel Beima fan Hurdegaryp is sande wurden yn it einklassemint fan de Ronde van Namen. Hy einige op 1,40 efter de Belgyske winner Marc Streel.

Yn de lêste etappe siet Beima yn in kopgroep fan tweintich man. In groep fan fjouwer koe krekt foar de finish demareare. Beima wûn de sprint fan de efterfolgjende groep en waard fiifde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)