Plysje: rêstige Snitswike

11 aug 2006 - 13:00

De plysje is tefreden oer it ferrin fan de festiviteiten yn it ramt fan de Snitswike. Der wie woansdei mei de Hurdsyldei yn ferhâlding mar in bytsje publyk op it starteilân, yn it sintrum wie it folle drokker.

Trije minsken binne op it starteilân oppakt fanwege fjochterij. Yn it sintrum fan Snits binne seis minsken oanhâlden fanwege balstjurrichheid en fernielerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)