Bern fêst tusken brêgespilen

© Omrop Fryslân
De nije fytsbrêge De Slinger oer de Suderhegewei yn Drachten wurdt oanpast, omdat de brêge no net feilich is foar lytse bern. Twa bern ha der in pear wiken lyn tusken fêstsitten.
Der komt no hout tusken de spilen. Dy oplossing komt fan arsjitekt Hofstra, dy't dat al earder betocht hie. De gemeente besliste lykwols oars. Hofstra seit dat hy al foarsjoen hie dat der problemen komme koene mei de spilen.