Minder minsken nei Fries Museum

11 aug 2006 - 12:59

Der hawwe yn 2005 minder beteljende besikers yn it Fries Museum west as yn it jier dêrfoar. Der komme al jierren tusken de 50.000 en 60.000 minsken nei it museum.

Hieltyd mear besikers komme woansdeis, as it museum fergees iepen is. Neffens direkteur van't Veen is dat net sa slim, omdat de tagongspriis yn 2005 in bytsje omheech gie. Foar dit jier ferwachtet it museum in goeie 60.000 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)