Agresjetraining helpferlieners

11 aug 2006 - 12:58

Meiwurkers fan Fryske ambulânses krije in agresjetraining, omdat se hieltiten faker mei geweld te krijen ha.

Omstanners en pasjinten meitsje it wurk fan de helpferlieners der net makliker op. Taskôgers en famylje fan it slachtoffer wurde faak lilk omdat se wolle dat dat sa gau mooglik nei it sikehûs brocht wurdt. Mar faak wurdt de pasjint earst ûndersocht en dat duorret de omstanners dan te lang. Der komt no in foarljochtingskampanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)