Brân op kruser by De Lemmer

© Omrop Fryslân
By De Lemmer hat tongersdeitemiddei brân west op in kruser. De boat fear by de Rotterdamse Hoek doe't der fjoer yn de motor ûntstie.
Oan board fan de kruser wiene fjouwer minsken. Sy binne troch in rêdingsboat fan de KNRM fan board ôfhelle. De brânwacht fan De Lemmer hat it fjoer útmakke. De kruser is swier fernield rekke troch de brân en leit no yn in jachthaven. Dêr wurdt noch ûndersyk dien nei de brân.