Alternatyf foar kopertried

10 aug 2006 - 16:19

Van der Heide, it grutste bliksem- befeiligingsbedriuw fan it lân hat in alternatyf fûn foar syn kopertried bliksemôflieders. Koper is yn in jier tiid twa kear sa folle wurdich wurden.

Bliksemôflieders binne dêrtroch djoerder wurden, mar se wurde ek mear stellen. Om dy problemen op te lossen brûkt it bedriuw út Kollum no tried dêr't noch mar in kwart koper yn sit. De rest is aluminium. Folle goedkeaper en minder gefoelich foar dieverij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)