Direkteur museum moat fuort

10 aug 2006 - 10:00

Direkteur Scheppink fan it Jopie Huismanmuseum yn Warkum krijt dien. Dat is needsaaklik omdat se te djoer wurden is foar it museum. Dat moat fjouwer ton oan de belesting werombetelje. Omdat it personeel in ton yn it jier kostet, is it museum dêr yn ferhâlding te folle oan kwyt.

Yn oerlis mei de direkteur en it fakbûn is in ôffloeiingsregeling makke. It Jopie Huismanmuseum draait no wer meast op frijwilligers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)