Cambuursupporters yn It Fean

© Omrop Fryslân
De plysje op It Hearrenfean baalt fan de konfrontaasje tusken supporters fan SC Hearrenfean en Cambuur woansdei yn it sintrum fan It Fean.
In groep fan njoggen Cambuur-supporters gong dêr nei ôfrin fan de freonskiplike wedstriid tusken It Hearrenfean en Middlesbrough op de fûst mei supporters fan de thúsklup. Der binne inkele rake klappen fallen, mar de plysje koe in echte fjochtpartij foarkomme.