Plak fûn foar Buttingalearlingen

© Omrop Fryslân
De âlde skoalle fan it Stellingwerf- kolleezje oan de Buttingasingel yn Easterwâlde is feilich genôch as tydlik ûnderkommen foar de iepenbiere basisskoalle Buttinga. Dat hawwe B&W fan Eaststellingwerf besletten.
Yn it gebou sitte noch plafonds fan sêftboard en dy binne offisjeel net brânfeilich genôch. B&W wolle dêr no ûntheffing foar jaan. It eigen gebou fan de Buttingaskoalle wurdt yn de hjerst hielendal opknapt.