Nije trein Arriva yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De earste fan in rige fan 43 nije treinen fan ferfiersbedriuw Arriva is tiisdeitenacht yn Ljouwert oankommen. De trein, dy't makke is yn Switserlân, is tige sunich en goed tagonklik foar minsken mei in handikap.
Der is al belangstelling foar de trein. Mar om him te besjen is noch al wat muoite nedich. De trein stiet op in dea spoar op it rangeerterrein. Dat ta teloarstelling fan inkele treinspotters.