Heale finalisten bekend

09 aug 2006 - 17:11

De heale finalisten fan de Freule binne bekend. Hijum-Feinsum wûn op de tredde list mei 5-2 en 6-2 fan Minnertsgea. Om't se op 'e fjirde list in steand nûmer ha, skowe se dalik troch nei de heale finale.

Tsjinstander fan Hijum-Feinsum yn dy heale finale is Dronryp, dy't op 'e 4e list te sterk wie foar Berltsum. De oare heale finale giet tusken Goaiïngea, dat fan Easterein wûn en Grou, dat te sterk wie foar Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)