Makkum yn twadde omloop derút

09 aug 2006 - 16:28

Yn de twadde omloop fan de Freule woansdei yn Wommels binne wer inkele titelkandidaten derút rekke. Raerd wûn mei 5-4 en 6-4 fan Aldebiltsyl, mar gie op syn beurt yn de tredde omloop mei 1-5 en 4-6 te'n ûnder tsjin Grou.

Boalsert wûn mei 5-4 en 6-6 fan Makkum, de winner fan 2004. Hartwert dy't earst noch wûn hie fan ien fan de favoriten Easterlittens gie yn de twadde omloop ûnderút tsjin Easterein mei 5-2 en 6-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)