Cambuur ferslacht Snits: 3-0

09 aug 2006 - 13:45

Cambuur Ljouwert hat tiisdei de lêste oefenwedstriid foar de kompetysje mei 3-0 wûn fan haadklasser Snits. Alle trije doelpunten foelen yn de earste helte. Martijn Rosenburg makke der ien en John Stegeman twa.

De Nigeriaanske Furo Iyenemi (30) spile ien helte mei. De sintrale ferdigener hat ek spile foar it Olympyske alvetal fan Nigearia, foar FC Antwerp en Servette yn Switserlân. Hy hat in Belgysk paspoart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)