Sportfjilden moatte wer iepen

© Omrop Fryslân
De sportfjilden yn Dantumadiel moatte wer iepensteld wurde. Dat freget de fraksje fan Dantumadiel '82 oan de gemeentebestjoer. Fanwege de droechte ha boargemaster en wethâlders koartlyn besletten de fjilden oant 21 augustus te sluten.
De fraksje fan Dantumadiel '82 hat de sportfjilden ynspekteard en sjocht gjin reden mear om se noch langer ticht te hâlden. It gers sjocht der goed út.