Lytse Slús Harns wer iepen

© Omrop Fryslân
Wettersporters kinne wer gebrûk meitsje fan de saneamde Lytse Slús en Grutte Slús by Harns. De sluzen koene jierrenlang net brûkt wurde om't ûnderdielen oan ferfanging ta wiene. De binnenstêd fan Harns wie dêrom fan de Waadsee ôf allinnich fia de Tsjerk Hiddesslús tagonkelik.
De gemeente hat no de lytse slús oanpakt. Neffens de gemeente hat Harns dermei wer in ekstra toeristyske attraksje.