Wetterpeil Iselmar wer leger

09 aug 2006 - 11:06
Foto: Omrop Fryslân

It wetterpeil yn de Iselmar wurdt wer ferlege. Dat hat Rykswettersteat woansdei bepaald. Ein july ferhege Rykswettersteat it wetterpeil yn ferbân mei de ferwachte droechte yn augustus.

Troch minder wetter te loazen op it Waad is der in bufferfoarried swiet wetter ûntstien. Mar de ferwachte droechte is oant no ta útbleaun. Ek wurdt der fia de Rijn wer genôch wetter oanfierd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)