Spinnepleach yn Esonstad
Yn fakânsjepark Esonstad by Eastmahorn hearsket in spinnepleach. Troch it waarme waar fan de ôfrûne wiken is it tal spinnen yn it park eksplosyf tanaam. Gasten yn it park sizze dat se der foaral jûns lêst fan ha. Dan komme de spinnen nei bûten om insekten te fangen.
De direksje fan it park set ûngediertebestriders mei biologyske skjinmakmiddels yn om de spinnen fuort te krijen.