Skriktried om finzenissen hinne

© Omrop Fryslân
Finzenissen De Marwei en de Blokhúspoarte yn Ljouwert krije stekken mei skriktried. Dat blykt út plannen fan justysje. De tried moat ûntsnappingspogings foarkomme. Ek in grut tal oare finzenissen yn Nederlân krijt stekken dy't ûnder stroom steane.
Yn Amearika gebeurt soks al jierren. De foltaazjes rinne op oant 5000 volt. Dat is genôch om in persoan te dea te meitsjen.