Rekordtal fûgels yn Fûgelhelling

09 aug 2006 - 09:58

De Fûgelhelling yn Oerterp hat dit jier al 1900 fûgels opfongen. Dat binne der hast krekt safolle as as yn trochsnee yn ien jier. Oarsaak fan it hege tal fûgels is ûnder oaren it waarme waar yn de maaitiid en de simmer. Dêrneist wurdt de Fûgelhelling bekender yn de regio.

Al dy fûgels drukke swier op de begrutting fan de Fûgelhelling. It fretten is ien fan de grutste kosteposten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)