Concours Hippique ferhuzet

08 aug 2006 - 17:43

It Concours Hippique yn Droegeham ferhuzet nei in oare lokaasje. It hynste-evenement wurdt takom jier hâlden op in terrein oan de Hamsterpein.

It konkours is tolve jier hâlden op it terrein oan de Sannen. Mar dit fjild wurdt te hobbelich. It nije terrein is moai flak. Op 26 augustus fynt it lêste konkours oan de Sannen plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)