Kettingbotsing by Ypekolsgea

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige frou út De Hommerts is moandei op de provinsjale dyk by Ypekolsgea ferwûne rekke by in oanriding. De frou hie te let sjoen dat de auto's foar har stilstiene. Se koe net mear foarkomme dat se op de auto foar har botste. Der ûntstie in kettingbotsing, wêrby't de frou ferwûne rekke oan de holle.
Se is nei it sikehûs yn Snits brocht. Oare autobestjoerders kamen mei de skrik frij. De auto's binne fuortsleept