Dokkumer wyk hâldt wetteroerlêst

© Omrop Fryslân
De wetteroerlêst by in wenkompleks yn de Dokkumer wyk Súdwest sil pas oer in pear wike oanpakt wurde. Dat is de útkomst fan oerlis tusken de gemeente, de stifting soarchsintra Dongeradiel en eigner Woonzorg Nederlân. Om't de saakkundigen mei fakânsje binne kin der no noch neat dien wurde.
Oer 14 dagen sil mei in lyts kameraatsje besjoen wurde wat de oarsaak is fan de problemen yn it rioelearingssysteem.