Boeren wolle ynsjoch sinteraasje

08 aug 2006 - 10:30
Foto: Omrop Fryslân

Jonge Fryske boeren wolle har bedriuwsfiering trochljochtsje litte troch saakkundigen fan bûten. De Agrarische Jongeren Friesland hoopje dat de jonge boeren dêrnei in better ynsjoch hawwe yn de kosten en baten fan har eigen ûndernimming.

Foar guon jonge boeren is dat fan libbensbelang, omdat se mei hege kosten sitte troch resinte oernames. Yn Fryslân binne sawat 120 boeren dy't oan it projekt meidwaan wolle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)