Skriuwpriis foar Magour

© Omrop Fryslân
Christine Magour út Wolvegea hat de Stellingwarver Schrijveri'je Pries 2006 wûn. Se hat de priis te tankjen oan de ferhalen dy't se skriuwt, ûnder oare ûnder de skûlnamme Stien van Anne.
De trijejierlikse priis is ynsteld troch de gemeenterieden fan East- en Weststellingwerf, mei as doel it brûken fan it Stellingwerfs te stimulearen as kultuer- en literêre taal. Hy wurdt begjin oktober útrikt.