Swimmers Skylge út see rêden

08 aug 2006 - 10:12

Fyftjin minsken binne sneintemiddei in grutte swierrichheden rekke yn de see by Formerum op Skylge. Se koene troch de swiere streaming net werom komme op it strân. Fiif minsken wiene yn de problemen rekke, mar ek de tsien minsken dy't helpe woene krigen swierrichheden troch de stream.

Twa ambulanses, de rêdingboat en in traumahelikopter holpen de ûnderkuolle swimmers. Ien fan harren is yn it sikehûs opnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)