Heechterp: gjin ljocht en wetter

© Omrop Fryslân
600 húshâldens yn de Ljouwerter wyk Heechterp hawwe moandeitemiddei in tiid sûnder stroom, gas en wetter sitten. In graafmasine rekke de kabels. Net allinne wenningen wiene de dupe, ek de ferkearsljochten oan de rûnwei diene it net.
Essent en Vitens binne leveranciers fan de stroom, gas en it wetter yn de wyk. Nei twa oeren wie de steuring wer oer.