Fryske musisy spylje Pink Floyd

07 aug 2006 - 13:29

Fryske muzikanten sille op 18 augustus muzyk fan de legendaryske popgroep Pink Floyd spylje op it DDS Festival yn Hylpen. Earder dit jier hawwe de 15 musisy deselde show ek al brocht yn twa ferskate optredens yn stedsskouburch De Harmonie yn Ljouwert.

It tribute-konsert duorret sa'n twa oeren en lit neist muzyk ek in ljochtshow sjen dêr't de Britske popgroep sa bekend om wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)