Stellen fyts op web weromfûn

07 aug 2006 - 11:49

In 43-jierrige ynwenner fan Aldegea (Smellingerlân) hat fia ynternet syn stellen fyts wer werom krigen. De man seach op in site dat twa ynwenners fan Drachten syn fyts te keap oanbeane.

De fyts wie al op 1 july stellen. Nei de ûntdekking belle de man de plysje. Dy koe dernei twa manlju fan 52 en 22 oanhâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)