Rêstige earste nacht Snitswike

© Omrop Fryslân
De plysje sprekt fan in gesellige earste nacht fan de Snitswike. Der wiene in soad minsken en de sfear wie goed. Der binne wol seis fertochten oanhâlden, û.o. foar fernielings.
In Snitser fan 25 soe in 21-jierrige stedsgenoat in klap tsjin it each jûn hawwe. In ynwenner fan Skearnegoutum (19) waard agressyf doe't er in plysjeauto tsjinhâlde woe. Fierder is in 25-jierrige Snitser oanhâlden om't er softdrugs by him hie.