Man mei trekker yn feart

© Omrop Fryslân
Op de Miedwei by Surhuzum is sneontemiddei in trekker yn de sleat rekke. De trekker waard bestjoerd troch in 34-jierrige ynwenner fan Surhuzum.
Tsjûgen seagen dat de man net sels út de trekker komme koe. Sy sprongen yn de sleat en holden syn holle boppe wetter. Letter koe de man los makke wurde. Hy rekke ferwûne oan syn foet en is mei de ambulance nei it sikehûs yn Drachten brocht.