Grinzer brân te sjen yn Fryslân

07 aug 2006 - 10:32

De brân snein yn it Grinzer Hoogkerk wie ek goed te sjen yn easten-Fryslân. Om healwei trijen ûntstie de brân yn in dakbedekkingsfabryk. Omdat de plysje benaud wie foar giftige stoffen waarden de ynwenners fan Súd-Grinslân en de kop fan Drinte advisearre om de ruten ticht te hâlden.

Nei mjittings die bliken dat der gjin gefaarlike stoffen oanwêzich wiene. De plysje hie de brân om healwei seizen middeis ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)