Spoekeplas noch net frijjûn

© Omrop Fryslân
It ûndjippe diel fan de Spoekeplas bliuwt noch hieltyd net geskikt foar swimmers. Op 29 july waard blau-alch fûn yn de Spoekeplas. Steatsboskbehear hat doe in swimferbod ynsteld. Letter binne de buorden wer fuorthelle, omdat der wurke wurdt oan in ferbining tusken it ûndjippe stik en it djippere diel fan de Spoekeplas.
Troch it reinwetter fan de lêste dagen, hawwe de wurksumheden lykwols fertraging oprûn.