Wim Stroetinga wint yn Usquert
Wim Stroetinga fan Alderberkeap hat it kritearium yn it Grinzer Usquert wûn. De 21-jierrige Stroetinga wûn de sprint fan in kopgroep fan trije man.
Al yn it begjin fan de wedstriid siet Wim Stroetinga yn in groep fan fiif man. Hy wûn úteinlik mei oermacht. Broer Arjen Stroetinga waard fjirde.