Cambuur wol by earste 12

06 aug 2006 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Cambuur hat as doelstelling om it kommende seizoen by de earste tolve fan de Jupiler League te einigjen. Trainer Roy Wesseling fertelde snein foar Omrop Fryslân ek dat Cambuur noch dwaande is mei it oanlûken fan in sintrale ferdigener.

It kontrakt fan Wesseling rint oan de ein fan dit seizoen ôf by Cambuur, mar hy soe graach noch in jier langer bliuwe om syn wurk ôf te meitsjen. Dêrnei wol er nei de earedivyzje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)