Dragrace ôflast troch himmeljen

© Omrop Fryslân
De earstkommende dragrace op it fleanfjild fan Drachten is ôflast. De organisaasje, Explosion, seit dat se troch de himmelaksje fan de gemeente Smellingerlân de feiligens fan de koereurs net langer garandearje kinne.
Ferline wike waard it rubber fan de autobannen fan de start- en landingsbaan helle. Der is lykwols sa goed himmele dat in spesjale laach dy't soarget foar grip foar de autobannen, derôf spield is.