World Servants nei Egypte

© Omrop Fryslân
34 fan de 58 leden fan de World Servants-groep fan Wolvegea sille dochs op reis, net nei Brazilië of Bolivia mar nei Egypte. Fanwege it fallisemint fan fleanmaatskippij Varig koe de groep net nei projekt dêr't se offisjeel hinne soene te helpen by it bouwen fan huzen.
Thúsbliuwers dy't net nei Egypte wolle, kinne takom jier pas wer op reis. Guon hawwe har jild werom frege. Dat kin oant likernôch 1500 euro.