Wetterskea by Joop Kok

05 aug 2006 - 12:05
Foto: Omrop Fryslân

De swiere buien yn de nacht fan tongersdei op freed hawwe ek Joop Kok Babyparadys yn Ljouwert hurd troffen. Dêr stiet in part fan de winkel en it magasyn blank. Skea is der foaral oan doazen, knuffels en houten meubilêr.

De eigners, de famylje Spoelstra, wiene op fakânsje yn Slovenië. Fanwege de wetteroerlêst komme se no fuortdaliks werom.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)