Worldpressphoto yn Ljouwert

05 aug 2006 - 11:18

De winnende foto's fan de Worldpressphoto 2005 binne sûnt freed te sjen yn Ljouwert. Yn Post Plaza is in útstalling fan de moaiste foto's út ferskate kategoryën.

De tentoanstelling giet de hiele wrâld oer nei sa'n 85 lokaasjes. Betingst is dat de foto's sûnder sinsuer fertoand wurde. Der binne 200 foto's te sjen mei ûnder oare bylden fan de orkaan Katrina en de ierdbeving yn Pakistan. De útstalling duorret oant 26/8.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)