World Servants kinne net fleane

05 aug 2006 - 10:23
Foto: Omrop Fryslân

De helporganisaasje World Servants út Wolvegea sit yn de problemen. De organisaasje wurket yn Súd-Amearika en Afrika mei oan projekten lykas huzebou foar dakleazen.

In groep frijwilligers soe fannewike ôfreizgje nei Brazilië om dêr huzen te bouwen, mar de jongeren kinne net fuort. Dat komt om't de maatskippij dêr't se mei fleane soene, fallyt gien is en de fleanreis annulearre hat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)