Frachtauto kantele by De Jouwer

05 aug 2006 - 10:23

It ferkearsplein hat freedtemoarn en oan it begjin fan de middei hielendal ôfsletten west fanwege it bergjen fan in frachtauto. De sjauffeur dêrfan wie yn de nacht mei syn frachtauto fol sipels rjochtút riden, omdat er te let troch hie dat er op in rotonde ôfkaam.

De middenbjirm lei fol mei sipels. It bergjen fan de frachtauto hat oeren duorre. It ferkear moast oer paralleldiken en de bypasses ride, en dat soarge foar filefoarming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)